send link to app

Fauna fan Fryslân app for iPhone and iPad


4.8 ( 3328 ratings )
Reference Education
Developer: ETI BioInformatics
Free
Current version: 1.0.2, last update: 7 years ago
First release : 07 Nov 2014
App size: 200.66 Mb

Dizze app is in e-gids, dy’t ynformaasje befettet oer 205 bistesoarten dy’t yn Fryslân foarkomme (fariearjend fan fûgels en sûchdieren oant ynsekten, reptilen, amfibyen en fisken).
Fierder befettet de app:

- foar eltse soart in wiidweidige beskriuwing en ien of mear yllustraasjes, ferspriedingsgegevens en in sprutsen tajochting;
- alternative Fryske nammen fan de soarten, en ek sprekwurden of siswizen dêr’t de soart yn opdûkt;
- lûdsopnamen fan fûgels en amfibyen;
- in ‘determinaasjekaai’: in helpmiddel om in soart mei identifisearje te kinnen;
- gâns geografyske ynformaasje, lykas 65 kuierrûtes, ynformaasje oer fûgelhutten, grûnsoarten, natoergebieten, terpen, (eardere) stinzen en einekoaien;
- in aardige kwis, wêrby’t in foto oan de goede soart keppele wurde moat;
- in unike Frysk/NL en NL/Frysk list fan de sawat 1500 bistesoarten dêr’t op dit stuit in Fryske namme fan bekend is.